NK sinneboatrace yn Akkrum

NK sinneboatrace yn Akkrum © Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
Sa'n tweintich sinneboaten dogge sneon yn Akkrum mei oan it Nederlânsk kampioenskip. De boaten kinne wol 40 kilometer yn de oere helje. It NK makket diel út fan de Reuzedei, it grienste evenemint fan Noard-Nederlân. It doarp organisearret dit foar de fjirde kear, der wurde tsientûzen besikers ferwachte. Se kinne yn de kunde komme mei duorsum farre, ride, ite en enerzjy. Benammen it sels ûnderfine stiet foarop.