Kampanje 'Slút my mar oan'

Yn Akkrum is sneon de kampanje 'slút my mar oan' begûn. Dat wie op de Reuzedei; in grut duorsum evenemint. Deputearre Hank Konst begûn de kampanje troch in grutte stekker yn in stopkontakt te dwaan. Sels is er noch net oansluten by Us Koöperaasje, de duorsume enerzjymaatskippij. Hy tinkt der lykwols wol serieus oer nei. Konst ropt de Friezen op om ek mei te dwaan omdat de winsten oer lokale inisjativen ferdield wurde.