Jordy Buijs nei SC Hearrenfean

31 maaie 2014 - 11:05
Jordy Buijs - Foto: ANP

Jordy Buijs spilet takom seizoen by SC Hearrenfean. De ferdigener (25) hat in twajierrich kontrakt tekene. Buijs komt oer fan NAC Breda. Dêr hat er trije jier spile. Earder spile er by Feyenoord en De Graafschap.

De ferdigener wurdt moandei noch wol medysk keurd by SC Hearrenfean.

(advertinsje)
(advertinsje)