Ferwûne by botsing Ljouwert

31 maaie 2014 - 10:58
Ungelok yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Alle Faber

In automobiliste (20) út Ljouwert is freed ferwûne rekke by in botsing op de Stinzenflora yn de wyk Aldlân. De frou joech gjin foarrang oan in 23-jierrige automobilist. In botsing wie net mear foar te kommen. De frou is mei ferwûnings oan de holle nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje botsing
(advertinsje)
(advertinsje)