Botsing dronken scootmobiler
De plysje hat freedtejûn in 41-jierrige man út Drylts oanhâlden, omdat hy mei syn scootmobyl tsjin ferskate auto's riden wie.
Tsjûgen bellen de plysje dy't de man meinommen ha nei it buro. Dêr waard dúdlik dat de man fierstente folle dronken hie. Syn rydbewiis moast er ynleverje en hy krige in rydferbod fan 11 oeren.