Twa gefallen húslik geweld

© Omrop Fryslân
De plysje hat freedtejûn twa manlju oanhâlden foar húslik geweld. Yn Ljouwert waard in 35-jierrige Grinzer oanhâlden dy't syn 23-jierrige freondinne mishannele hie. Yn Hallum krige in 62-jierrige frou klappen fan har 65-jierrige man. Beide slachtoffers dogge oanjefte.
De fertochten binne ynsletten op it plysjeburo foar ferhear. Tsjin harren wurdt it protokol húslik geweld yn gong set. Se kinne mooglik in hús- en kontaktferbod fan tsien dagen oplein krije.