Wer goud Kamminga en Horsten

30 maaie 2014 - 21:25

Manon Kamminga is krekt as ferline jier net te ferslaan op it NK skeelerjen. Op de baan yn Nijeveen pakte se tongersdei twa kear goud op de 300 meter en op de ôffalkoers. Freed kamen dêr de nasjonale titels op de 1000 meter en de puntekoers by. By de manlju pakte Mark Horsten syn tredde titel. Nei de winst yn de ôffalkoers die Horsten itselde as Kamminga: winst op de 1000 meter en op de puntekoers. Op de 1000 meter waard Crispijn Ariëns twadde en Lars Scheenstra tredde. Ariëns wûn ek sulver op de puntekoers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)