Rekôr-gehakbal yn Ljouwert
By slachterij De Skrâns yn Ljouwert wurdt de grutste gehakbal fan de wrâld makke. Hy is goed 630 kilo en moat 30 oeren de oven yn om gear te wurden.
De slachter ferkeapet oanslutend broadsjes gehak foar it goeie doel en dat is yn dit gefal it Ronald McDonaldhûs.