Skylge siket 'ûnderhanneler'

30 maaie 2014 - 15:44
It gemeentehûs fan Skylge

De nije boargemaster fan Skylge moat immen wêze dy't goed ûnderhannelje kin. Dat stiet yn de konsept-profylskets dy't de gemeenteried nije wike tiisdei besprekke sil. De man of frou dy't waarnimmer Rob Bats opfolget moat fierder in goed ûntwikkele omjouwingsbewustwêzen ha.

Skylge wol as gemeente selsstannich bliuwe, mar dat kin neffens de profylskets allinnich as der goed gearwurke wurdt mei foaral de oare eilannen.

Trefwurden: 
Skylge boargemaster
(advertinsje)
(advertinsje)