Frachtwein Damwâld om by Ommen

By it ûngelok kaam de sjauffeur mei de skrik frij © Twitter.com / Gerrit Wermink
By Ommen is freedtemoarn in frachtauto fan Feenstra út Damwâld kantele. Dat barde op de rotonde fan de N48 fan Ommen nei Hoogeveen. Dy N48 waard fanwege it ûngelok ôfsletten foar it ferkear.
By it ûngelok rekken gjin minsken ferwûne. Ek de Fryske sjauffeur kaam mei de skrik frij. De lading fan de frachtauto bestie út hingjend fleis. It is mooglik dat de kombinaasje dêrtroch kantele is.