Opnamen Gysbert Japicxfilm los

30 maaie 2014 - 12:53

It Gysbert Japicxhûs yn Boalsert wol mei in film it imago fan skriuwer Gysbert Japicx oppimpe by de basisskoallebern. De film makket ûnderdiel út fan it edukaasjeprojekt dat nei de simmerfakânsje op de basisskoallen yn de gemeente Súdwest-Fryslân fan start giet. Doel fan de film is it stoffige imago fan Japicx by de bern fan groep 7 en 8 te feroarjen.

Yn de film wurdt it ferhaal ferteld fan de skriuwer dy't him drok makket om de takomst fan de Fryske taal, mar troch in tiidsreis nei de tiid fan no sjocht dat alles dochs noch goed komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)