Ungelok:Pear Eastermar ferwûne

30 maaie 2014 - 11:24

In 75-jierrige man út Eastermar en syn 73-jierrige frou binne tongersdeitemiddei ferwûne rekke by in ûngelok op de Achttienenwei yn har wenplak. De man waard net goed en ferlear dêrtroch de kontrôle oer de auto. It stel bedarre tsjin in beam en rekke dêrby ferwûne.

De man en de frou binne mei de ambulânse nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.

Trefwurden: 
ûngelok ferwûne Eastermar
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)