Feanwâldster bedriget famylje

30 maaie 2014 - 11:01

De plysje hat tongersdeitemoarn in 28-jierrige man fan Feanwâlden oppakt omdat er syn famylje bedrige. De man swaaide mei in izeren staaf. Dat wie foar de famylje reden om de plysje te beljen. Dy hie pepperspray nedich om de man yn syn eigen wenning oanhâlde te kinnen.

Op it buro is der proses-ferbaal opmakke tsjin de Feanwâldster, dy't dêrnei wer nei hûs mocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)