Gemser wol nije trainingshal

25 feb 2012 - 11:04

Njonken it nije iisstadion Thialf op it hjoeddeiske plak op It Hearrenfean moat der ek in trainingshal mei in 400 meterbaan komme. Dy moat hielendal foar topreedriders wêze. Dat seit âld-coach Henk Gemser. Hy fynt it prachtich dat der in nije ynnovative wedstriidbaan komt op it plak fan Thialf fan no, mar in twadde 400 meter trainingsbaan foar toppers is minstens sa belangryk. Gemser leit net wekker fan mooglike konkurrinsje fan Almere of Zoetermeer. Sporters wenje dêr folle djoerder en de omkriten dêr binne minder gaadlik foar fytstrainings.

Trefwurden: 
Thialf It Hearrenfean Gemser
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)