Lulke Amsterdammer oppakt

Oanhâlden © Omrop Fryslân
In 25-jierrige man út Amsterdam is tongersdeitejûn op de bon slingere troch de plysje fan It Hearrenfean omdat er tsjin in auto skopte op it parkearterrein by it Abe Lenstra-stadion. De Amsterdammer wie by it stadion foar in dancefeest. Op it parkearterrein trape er tsjin in auto, dy't dêrby skea oprûn.
Tsjûgen warskôgen de plysje, dy't de man meinaam nei it plysjeburo om proses-ferbaal op te meitsjen.