Lemster drukt auto fan de A6

30 maaie 2014 - 09:50

De plysje hat tongersdeitejûn in Lemster (52) oanhâlden fanwege it ferlitten fan it plak fan in ûngelok, it riden ûnder ynfloed fan drank en in poging ta swiere mishanneling. De man soe besocht hawwe om op de A6 in autorider fan Utrecht (29) fan de autodyk te drukken. De auto fan de man út Utrecht rekke hjirby swier skansearre. De bestjoerder warskôge dêrom de plysje.

De Lemster waard letter yn syn wenplak oanhâlden. De man wegere om mei te wurkjen oan azemanalyze. De man mei him meikoarten foar de rjochter foar syn dieden ferantwurdzje.

Trefwurden: 
ûngelok mishanneling drank A6
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)