Alderlêste 'Each fan Eelke'

Nei 3,5 jier hâldt kollumnist en sjoernalist Eelke Lok op mei syn deistige kollum It Each fan Eelke by Omrop Fryslân. Lok lies freed syn lêste bydrage foar yn it radioprogramma Omrop Fryslân Aktueel. Hy fynt sels dat er nei 3,5 jier útskreaun is. 'Alle wurkdagen 700 wurden, it wol gewoan efkes net mear. En dan moat jo ophâlde, dan giet de wille fuort', sa liet er yn syn slotkollum witte.
Mei-inoar hat Lok mear as 700 kollums skreaun. Der wurdt noch besjoen oft in seleksje dêrfan yn boekfoarm ferskine kin.