Nei 14 jier wer in Lauwersloop

30 maaie 2014 - 07:12

Foar it earst yn fjirtjin jier wurdt der freed wer in Lauwersloop hâlden. Spesjaal foar it 400-jierrich bestean fan de Ryksuniverstiteit Grins, wurdt de hurdrintocht fan Ljouwert, fia Lauwerseach nei Grins wer oppakt. De rom 110 kilometer lange tocht, dy't yn etappes ôflein wurdt, is benammen bedoeld foar studinten.

Oant it jier 2000 waard de loop jierliks organisearre. Dêrnei sakke de animo ûnder de studinten yn. De tradysje sil no op 'e nij oppakt wurde. Dit jier dogge der 48 studinteteams mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)