Kamminga oppermachtich op NK

30 maaie 2014 - 06:00

Manon Kamminga fan It Hearrenfean hat tongersdei op de earste dei fan it Nederlânsk kampioenskip skeelerjen beide ôfstannen wûn. Op sawol de 300 meter as de ôffalkoers wie Kamminga de rapste. Dêrmei leit se op koers fan har prestaasje foarich jier, doe't se alle ôfstannen wûn.

By de manlju gong de winst op de 300 meter nei Ronald Mulder. Broer Michel waard twadde, it brûns wie foar Mark Horsten. Horsten, ek fan It Fean, wie de bêste op de ôffalkoers en wûn ferrassend foar Crispijn Ariëns fan Wolvegea en Ruurd Dijkstra fan Nijeholtwâlde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)