Ljouwert wint Tsjummearum

De ôfdielingspartij haadklasse keatsen yn Tsjummearum is tongersdei in proai wurden foar Ljouwert mei Gert-Anne van der Bos, Hans Wassenaar en Daniël Iseger. Yn in moaie finale wie it trijetal mei 5-4 en 6-6 te sterk foar Chris Wassenaar, Hylke Bruinsma, Hendrik Kootstra fan Minnertsgea. Mei in steand nûmer kaam Minnertsgea yn de finale nei de 5-4 en 6-6 winst op Sint Jabik, de winner fan ferline jier.
Yn in spannende striid om priis en preemje wûnen Van der Bos en-dy mei 5-3 en 6-2 fan de ferrassende heale finalist Easterlittens.
Foar Easterlittens kamen Simon Zijlstra, Ruben Bonhof en Erwin Zijlstra yn aksje. Zijlstra en-dy pakten de lytse preemje. Opfallend wie it ferlies fan Krijn Hiemstra, Pieter Jan Plat en Sjoerd de Jong. Sy waarden ferline jier noch twadde, mar giene no al op de earste list ûnderút tsjin Jacob Durk Tuinenga, Bauke van der Graaf en Frederik van der Meij. Ek Johan van der Meulen, Cornelis Terpstra en Tjisse Steenstra ferlearen foar Bitgum har earste partij en leinen fuort út de striid.