HT-sloepen klear foar striid

29 maaie 2014 - 16:36

Alle 130 boaten dy't freed meidogge oan de fjirtichste HT-race lizze yn it wetter. De HT-race is in jierlikse roeiwedstryd oer 33 kilometer fan Harns nei Skylge. Tongersdei binne de dielnimmers al oankaam en hawwe se harren startnûmers ophelle. De measte dielnimmers binne posityf oer harren ferwachtings. Troch it relatyf rêstige waar dat foarsein wurdt, ferwachtsje se net in hiele swiere race.

Ferline jier waard de race noch ôflast fanwege de hurde wyn. De HT-race set freedtemoarn om healwei alven útein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)