Snits wint wer by Lemmer Ahoy

29 maaie 2014 - 16:08

Skûtsjeskipper Douwe Visser fan de Sneker Pan hat tongersdei beide wedstriden wûn op de earste dei fan it skûtsjesilen fan Lemmer Ahoy op de Iselmar. By de twadde wedstriid wie de Sneker Pan op 'e nij de rapste, lykas moarns ek al it gefal wie. It twadde plak gie by de twadde wedstriid nei De Lemmer, mei skipper Albert Visser. Auke de Groot einige mei de Súdwesthoeke op it tredde plak.

Oan Lemmer Ahoy docht dit jier in rekôrtal fan 62 skûtsjes mei, dy't yndield binne yn trije klassen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)