Cordes, Faber út CDA Amelân

29 maaie 2014 - 14:05

Twa Amelanner riedsleden binne woansdei út de fraksje fan it CDA stapt. Bert Cordes en Theo Faber jouwe har sit op en meitsje romte foar twa oaren. Beide manlju fine dat se yn de partij gjin draachflak ha. Dat waard dúdlik op in ekstra ledegearkomste. It opstappen fan de twa hat te krijen mei de drege foarming fan in nije koälysje op it eilân.

Neffens Cordes wurdt him ferwiten in blok te foarmjen mei Faber tsjin Amelân '82. Dat is neffens him perfoarst net it gefal.

Foarsitter Lodewijks fan CDA Amelân befestiget dat der gjin draachflak is foar beide manlju, mar wegeret fierder kommintaar. Ek listlûker Nico Oud wol net fierder yngean op de kwestje. Sûnt 2009 binne der no al seis CDA-riedsleden opstapt op It Amelân.

Trefwurden: 
CDA It Amelân koälysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)