Drokke Blomkemerk yn Ljouwert

Op de jierlikse Blomkemerk yn Ljouwert wurde tongersdei sa'n 60.000 oant 70.000 besikers ferwachte. Tongersdeitemoarn wie it al 'gesellich drok' op de merk, de middeis wurdt noch mear folk ferwachte. De Blomkemerk is folslein útferkocht as it om de steanplakken fan de standhâlders giet.
Merkmaster Emiel de Vlas moast de ôfrûne dagen geregeld 'nee' ferkeapje oan merkkeaplju dy't graach nei Ljouwert woene, omdat de jiermerk fan Bûtenpost net trochgie. De Blomkemerk is sûnt twa jier keppele oan de jiermerk.
Ek de jiermerk is 'útferkocht' as it om de steanplakken giet. De Vlas hie twa kear safolle oanfragen as plakken. Op oare plakken yn Fryslân binne eveneminten ôflast fanwege it minne waar. De Blomkemerk hat hjir gjin lest fan, omdat de merk op de dyk is en net yn in wiete greide.