Agraryske CAO: gjin akkoart

29 maaie 2014 - 12:44

Wurknimmers en wurkjouwers yn de agraryske iepen tyltsektor steane rjocht foarinoar oer yn de ûnderhannelings oer in nije CAO. Neffens Marcelle Bense fan fakbûn FNV biede de foarstellen fan wurkjouwersorganisaasje LTO gjin basis foar ûnderhannelings. Sa soe LTO de arbeidsbetingsten fan de grutste groep wurknimmers met 10 % ferminderje wolle.

Under de CAO falt fruittylt, beammetylt, blombolletylt, grientetylt en ikkerbou. Yn Fryslân hawwe sa'n 200 minsken in fêste baan yn de sektor. Folle mear wurkje mei in tydlik kontrakt.

Nasjonaal giet it om 100.000 wurknimmers wêrfan mear as 70.000 op tydlike basis wurkje. In soad fan harren binne ôfkomstich út it bûtenlân. Mids juny sille de partijen wer fierder prate.

Trefwurden: 
CAO FNV ikkerbou grientetylt
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)