Twa skûtsjes om by Lemmer Ahoy

29 maaie 2014 - 11:53

Op de earste dei fan de skûtsjewedstriden fan Lemmer Ahoy op de Iselmar binne tongersdei twa IFKS-skûtsjes omgien. It giet om De Oude Zeug en om it skûtsje fan Willem Zwaga. By it omslaan fan de skûtsjes binne gjin minsken ferwûne rekke. Wêrom't de skûtsjes krekt omgiene is noch net rjocht dúdlik, want it waaide net bysûnder hurd.

Oan Lemmer Ahoy docht dit jier in rekôrtal fan 62 skûtsjes mei, dy't yndield binne yn trije klassen. Lemmer Ahoy duorret trije dagen lang. De earste wedstriid waard wûn troch SKS-skûtsje De Sneker Pan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)