250 boetes foar te hurd ride

29 maaie 2014 - 11:25

By snelheidskontrôles yn Dongeradiel en Dantumadiel binne woansdei sa'n 250 minsken op 'e bon gien. De kontrôles waarden hâlden op ferskate 50 kilometerdiken, nei oanlieding fan klachten oer te hurd riden. Der waard kontrolearre op de Foarstrjitte yn De Westereen, de Woudwei yn Dokkum en de Bocksmeulen yn Dokkum.

De grutste oertreder waard op dy lêste dyk betrape, mei in snelheid fan 79 kilometer yn de oere. Mei-elkoar waarden sa'n 2500 auto's kontrolearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)