Harkyt ferwûne by fjochtpartij

29 maaie 2014 - 10:51

In ynwenner fan De Harkema is tongersdeitemoarn betiid ferwûne rekke yn Drachten. De 19-jierrige man waard op de Súdkade delslein troch in ynwenner fan Garyp. Dat wie by in fjochtpartij. De Harkyt rekke troch de klap út de tiid. Neidat er wer bykaam wie, is er oerbrocht nei it sikehûs.

De Gariper (40) koe yn 'e buert oanhâlden wurde. Hy is meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
fjochtpartij delslein Harkyt
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)