Priveekolleksjes yn museum

Museum Drachten © Omrop Fryslân
Yn Museum Drachten is meikoarten keunst út fiif partikuliere kolleksjes te sjen. It giet ûnder oare om de kolleksje fan Gosse Sierksma, dy't earder konservator yn it Drachtster museum wie. Ek is der wurk te sjen út de kolleksje fan Libbe van der Kerk. Dat wurk hat it museum foar langere tiid yn brûklien krigen fan de Ottema-Kingmastichting.
De eksposysje krijt de namme 'Vergaren en bewaren' en is te sjen fan 7 juny oant en mei 17 augustus.