Wachtlist MBO ferpleechkunde

De Fryske MBO-opliedings ferpleechkunde hawwe in wachtlist foar nije studinten. Op it stuit is der in opliedings- en staazjeplak foar 400 studinten. It Friesland College, de Friese Poort en wurkjouwers yn 'e soarch hawwe woansdei oerlis hân oer de situaasje. Wurkjouwers hawwe tasein dat der fyftich ekstra staazjeplakken komme, mar dat is net genôch om alle studinten in plak te jaan.
Dêrom komt der in wachtlist dêr't no sa'n 120 studinten op steane foar as der dochs noch in plak frij komt.