Politisy Den Haach weagje skot

28 maaie 2014 - 17:49

Minister Plasterk en minister Kamp hawwe woansdeitemiddei op it Binnenhof yn Den Haach in skot weage op 'e koer. It kuorbalteam fan paralympysk sporter Alyce Norbruis wie woansdei ôfreizge nei Den Haach om dêr op besite te gean by Twadde Keamerlid Lutz Jacobi.

Jacobi hat it team fan Alyce de lêste moannen stipe. Alyce en har teamgenoaten hawwe ek mei Keamerleden praat oer it belang fan de G-sport. Se hiene in koer meinommen om de politisy ek yn aksje te krijen foar de G-sport.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)