Mear besikers Posthuis Theater

Posthuis Theater op It Hearrenfean © Posthuis Theater
It Posthuis Theater op It Hearrenfean hat oer it seizoen 2013/2014 tsien persint mear publyk lutsen as it seizoen dêrfoar. Der wienen lykwols minder foarstellings.
Meielkoar gienen der hast 25.000 minsken nei it teater. Neffens direkteur Gerard Wolters lit de taname fan it oantal besikers sjen dat de strategy fan it teater wurket.
It Posthûs kiest bewust foar wat minder foarstellings, as se mar wol bysûnder en nij binne. Dit jier binne der ek wer minder produksjes ynkocht, mar dyselde foarstellings wurde wol faker opfierd.