Blog: Haachske politisy weagje skot

28 maaie 2014 - 16:56

Minister Plasterk en minister Kamp ha fan 'e middei op it Binnenhof yn Den Haach in skot weage op 'e koer. It kuorbalteam fan Alyce Norbruis wie hjoed ôfreizge nei Den Haach om dêr op besite te gean by Twadde Keamerlid Lutz Jacobi. Jacobi hat it team fan Alyce de lêste moannen stipe.
Alyce en har teamgenoaten hawwe ek mei in Keamerleden praten oer it belang fan de G-sport. En se hiene in koer meinommen om sa de politisy ek wier yn aksje te krijen foar de G-sport.

Trefwurden: 
argyf Special Olympics
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)