Byienkomsten wynmûnen populêr

Der bin wachtlisten foar de regiobyienkomsten fan Fryslân foar de Wyn. Dat is it inisjatyf fan foar- en tsjinstanners om te sjen wêr't der draachflak is foar de wynmûnen.
Moandei wie de earste jûn yn Wytmarsum. Tsientallen minsken hiene har net oanmeld en mochten der net yn. Jûn wurdt der praat yn Burdaard oer wynmûneplannen yn dy omkriten. Ek dêr is al in wachtlist
Neffens Annemieke Reitsma fan Fryslân foar de Wyn is der bewust keazen foar lytse byienkomsten. Gruttere oantallen minsken soenen in fruchtbere diskusje behinderje.