Soargen ynrinhûs GGZ Fryslân

28 maaie 2014 - 15:24

Kliïnten en personiel fan it ynrinhûs fan de GGZ Fryslân yn Ljouwert binne benaud dat de foarsjenning troch noch mear besunigings takom jier slút. Dat hat te krijen mei de finansiering fan de aktiviteiten dy't it ynrinhûs organisearret.

No betellet it Ryk dy, mar fan 1 jannewaris ôf giet dy taak oer nei de gemeente Ljouwert en wurdt it beskikbere budzjet mei 25 persint koarte. Belutsenen by it ynrinhûs binne benaud dat dit grutte gefolgen hawwe sil. Se hawwe dêrom woansdei in petysje oanbean oan boargemaster Crone fan Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)