Driging fallisemint Promenade

28 maaie 2014 - 14:06

Stichting de Promenade op Skiermûntseach giet fallyt as it Waadfûns en de provinsje har subsydzje weromhawwe wolle. Dat seit kwartiermakker Yannis Koning.

Tiisdeitejûn sette de gemeenteried in skras troch de komst fan de promenade, mei ûnder oaren plak foar in nij besikersintrum, de bibleteek, in doarpshûs en in VVV-kantoar.

Yn de tarieding is al oardel miljoen euro stutsen. Dat kin de stifting noait werombetelje, sa seit Koning. Hy is teloarsteld yn it beslut fan de ried om it plan te skrassen.

Ek it besikersintrum fan it Nasjonaal Park reagearret mei grutte teloarstelling. Yn ôfwachting fan de plannen is der al tsien jier neat oan it besikerssintrum dien. De kolleksje is bot ferâldere. Mooglik giet it sintrum takom jier al ticht, omdat der te min te belibjen is foar de toeristen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)