Wetterskip: gjin wetteroerlêst

It gebou fan Wetterskip Fryslân yn Ljouwert
It wiete waar fan de ôfrûne dagen leveret neffens it Wetterskip gjin problemen foar Fryslân op. It Hooglandgemaal by Starum, dat tiisdei oanset is, draait yntusken op folle kapasiteit.
In ynventarisaasje by de rayonhaden jout oan dat der op gjin inkel plak sprake is fan wetteroerlêst. Foar de kommende dagen wurdt der in oergong nei droech en stabyl waar ferwachte.