Sjonge foar ûndersyk nei MS

Sjonger Wolter Kroes hat woansdeitemoarn op it treinstasjon yn Ljouwert de ôftraap jûn fan de MS-toer. Mei optredens op tolve stasjons yn 24 oeren wol er omtinken freegje foar de sykte fan it sintrale senuwstelsel.
Kroes is ambassadeur fan MS Research. Dy wol mei de aksjedei jild ophelje foar ûndersyk nei de oarsaken en behanneling fan multipel skleroaze. Oan de wrâld-MS-dei wurkje tal fan prominenten en wittenskippers mei. MS-pasjinten en ek -doktoaren binne wiis mei it ekstra omtinken foar de sykte.
Neffens medysk spesjalist Beenakker fan it MCL binne der in soad misferstannen oer de sykte. Se bedarje lang net alle MS-pasjinten yn in rolstoel, wylst dat wol faak tocht wurdt. Ek wurdt MS lang net altiten herkend. By guon pasjinten duorret it jierren foardat de goeie diagnoaze steld wurdt. De sykte hat in grut ferskaat oan symptomen. Symptomen dy't in soad foarkomme binne groanyske wurgens, wikenlang tinteljende fingers of fuotten en problemen mei de eagen. Medisy kinne pasjinten wol helpe as it giet om it bestriden fan de sykteferskynsels, mar MS-pasjinten fan de krupsje ôfhelpe is op dit stuit noch net mooglik.