Goutumer op fyts oanriden

28 maaie 2014 - 10:03
Ferkearsboerd - Foto: ANP

In 54-jierrige ynwenster fan Goutum is tiisdeitemoarn ferwûne rekke doe't se op 'e fyts oanriden waard. Dat barde om healwei sânen moarns op de Skrâns yn Ljouwert.

De frou krige gjin foarrang fan in 57-jierrige automobilist út Ljouwert. De frou is mei ferwûnings oan 'e holle oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Ljouwert oanriding Skrâns
(advertinsje)
(advertinsje)