Famke (14) stelt kosmetika

© Omrop Fryslân
In 14-jierrich famke út Frjentsjer is freedtemiddei yn in winkel op de Skrâns yn Ljouwert oanhâlden fanwege stellerij. Se hie kosmetika pakt, sûnder dat ôf te rekkenjen.
Doe't winkelpersoniel har dêr op oanspruts, besocht se de make-up te festopjen en naaide se út. Mei help fan foarbygongers op de Skrâns koe se oanhâlden wurde. Se is meinaam nei it buro.