Gjin nij besikerssintrum Skier

28 maaie 2014 - 09:53

De komst fan in nij, grut besikerssintrum op Skiermûntseach giet net troch. In grut tal eilanner organisaasjes hat in plan ûntwikkele foar in nij, multyfunksjoneel besikerssintrum.

De gemeenteried hat yn 2007 yn mearderheid ja tsjin de plannen sein, mar moast noch wol beslute oer it garant stean foar krekt wat mear as 350.000 euro. Dat is de helte fan it bedrach dat der oanfoljend nedich wie. De grutskalichheid fan de plannen liket foar problemen te soargjen.

It bestjoer fan de stichting de Promenade op Skiermûntseach is djip teloarsteld oer it beslut fan de gemeenteried om net garant te stean foar in liening. Dy liening wie nedich om de komst fan it nije multyfunksjonele sintrum op it eilân mooglik te meitsjen.

Neffens de stichting wiene de finansjele risiko's foar de gemeente mar lyts, mar de gemeenteried sjocht dat oars. Der wie al oardel miljoen euro stutsen yn de tarieding, mar no kin it plan net trochgean. Der is tsien jier oan wurke.

De stichting moat mei it Waadfûns en de provinsje Fryslân om tafel, om te besjen wa't no foar de kosten opdraait.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)