Postma net yn Ocean Race

De Ljouwerter Finnsiler Pieter-Jan Postma docht net mei oan de Volvo Ocean Race, de ferneamde wrâldsylrace. Hy is net selektearre troch skipper Bouwe Bekking fan it team Brunel. Postma foel bûten de boat omdat Brekking in bemanningslid mei mear see-ûnderfinning socht. Postma is in wrâldtopper yn de Finnklasse, dy't ûnder oare útkomt op de Olympyske Spelen.
It beslút fan Bekking kaam hurd oan by Postma, want meidwaan oan de ferneamde Volvo Ocean Race hat altyd in dream fan him west.