Ljouwert doneart oan skûtsjes

De gemeente Ljouwert doneart de kommende fjouwer jier 60.000 euro oan de trije SKS skûtsjes fan de gemeente. It giet om it Ljouwerter, it Huzumer en it Grouster skûtsje. It jild wurdt brûkt foar ûnderhâld en renovaasje. De bestjoeren ha mei syn trijen de problemen yn kaart brocht en in ferdieling fan it jild makke. Der is yn mei-inoar 250.000 euro nedich.
As tsjinprestaasje wol de gemeente de skûtsjes brûke foar promoasje en represintaasje.