Provinsje stipet natoerfilm

27 maaie 2014 - 20:36

De provinsje draacht 60.000 euro by oan it meitsjen fan in natoerfilm oer de Waadsee, dy yn totaal 5 miljoen euro kostje moat. It giet om in bioskoopfilm fan Ignas van Schaik, dy't ek de Nieuwe Wildernis, oer de Oostvaardersplassen, makke hat. De film oer de Waadsee moat yn 2018 klear wêze, sadat hy ek diel útmeitsje kin fan Kulturele Haadstêd 2018.

De 60.000 euro fan de provinsje wurdt brûkt foar ûndersyk en tarieding. De rest fan it jild moat noch fûn wurde by fûnsen, partikulieren en bedriuwen. De film wurdt yn meardere lannen útbrocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)