VVD: soarch oer iisbaan Almere

24 feb 2012 - 19:25

De VVD yn provinsjale steaten makket him soargen oer de plannen foar in nije topiisbaan yn Almere. Dêr soene foar 60 miljoen euro twa 400-meterbanen komme moatte, wêrfan't ien bedoeld is foar topsport. De VVD is benaud dat dat gefolgen ha sil foar de posysje fan iisstadion Thialf op It Hearrenfean.

De VVD wol dêrom fan deputearre steaten witte oft dy op de hichte wiene fan de plannen foar in iisbaan yn Almere. As dat sa is, dan hiene provinsjale steaten dat witte moatten doe't sy fan 'e wike in beslút namen oer de takomst fan Thialf.

Trefwurden: 
Thialf iisbaan VVD Almere
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)