'Snits moat nóch oantrekliker'

It sintrum fan Snits moat nóch folle mear minsken lûke as no. Dat fynt it kolleezje fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Om dat te berikken wol de gemeente mei ûnder mear ûndernimmers om tafel om te sjen hoe't dat mooglik makke wurde kin.
Boargemaster Hayo Apotheker fan Súdwest-Fryslân wol ûnder oare dat it terassebelied tsjin it ljocht hâlden wurdt. As it oan him leit, meitsje de ûndernimmers mei de gemeente in 'Snitser aginda' foar de takomst.
Apotheker is grutsk op syn stêd. Neffens him hat Snits in wichtige regiofunksje, is it in histoaryske stêd mei in soad (wetter)rekreaasje en kultuer. De stêd brûst boppedat troch de talleaze eveneminten.