Fytsbrêge woansdei wer iepen

Fytsbrêge De Slinger yn Drachten giet - sa't it no liket - woansdei tusken de middei wer iepen of mooglik noch wat earder. Dat meldt de gemeente Smellingerlân. De fytsbrêge hat in soad skea oprûn by in botsing. In automobilist ried der moandeitejûn sa hurd tsjinoan dat er by it ûngelok om it libben kaam.
It beskeadige stik fan de brêge wurdt tydlik fêstset mei in kontener en in ekstra stellaazje. Der wurdt noch in plan makke foar in definitive reparaasje.