'Superheffing komt hurd oan'

27 maaie 2014 - 16:22

De rekôrboete, of superheffing, fan 132 miljoen euro dy't Nederlânske melkfeehâlders oer it jier 2013/2014 betelje moatte, omdat se tefolle molken hawwe komt net ûnferwachts. Mar de boete kin op ferskate bedriuwen wol hurd oankomme. Dat seit Sita van Keimpema, foarsitter fan de Dutch Dairymen Board.

De measte boeren sjogge wol oankommen dat se oer it kwotum hinne melke. Mar se melke troch, omdat se klear wêze wolle foar takom jier. Op 1 april 2015 wurdt it molkkwotum ôfskaft. Boeren meie dan safolle melke as se wolle.

Mei it each op de takomstige ûnbegrinze tastiene molkeproduksje hawwe in soad boeren no alfêst mear kij oanskaft. Omdat dy allegearre molken wurde moatte, sitte de boeren oer it kwotum hinne dat no noch jildt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)