'Skilje' wint Fear yn de Broek

27 maaie 2014 - 14:49

De tsjinst Skilje fan VrieService út Drachten hat dit jier de 'Fear yn de Broek' wûn. De Fear is in priis foar bedriuwen dy't goed mei de Fryske taal omgean. Mei de telefoantsjinsten Skilje stimulearret it bedriuw it gebrûk fan it Frysk. De tsjinst is bekend fan de Praat mar Frysk-advertinsjes en set meartalich personiel yn.

De Fear yn de Broek is ynsteld troch de Ried fan de Fryske Beweging. Eardere winners binne Gert Jan Verbeek, Arno Brok en Aaipop,

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)