Drachtsterfeart no al befarber

27 maaie 2014 - 13:25

Troch de fûle rein fan moandeitenacht is de Drachtsterfeart fol wetter rekke. Dêrtroch wie tiisdei goed te sjen hoe't it plan der úteinlik út komt te sjen. Der kamen nachts meldings fan bewenners fan it Mûnein dat it wetter oer de râne drige te rinnen. De gemeente Smellingerlân hat doe dompelpompen ynset. Fierderop sakke in auto yn in gat, Hy is troch bergers loslutsen.

De Drachtsterfeart is pas yn 2016 klear. Mar in kanofarder koe tiisdei al mei syn kano as earste yn it wetter farre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)